Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


CBTB

Kristlik Boere en Túnkers Bûn
Christelijke Boeren en Tuinders Bond
algemiene ynformaasje
ôfkoarting CBTB
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd lân- en túnbou
haadkertier De Haach (Súd-Hollân)
oprjochte 1918
opdoekt 1995
opgien yn LTO Nederlân
tal leden 21.000
offisjele webside
n.f.t.

It Kristlik Boere en Túnkers Bûn (Nederlânsk en offisjeel: Christelijke Boeren en Tuinders Bond), yn 'e regel bekend ûnder de ôfkoarting CBTB, wie in nasjonale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje op protestantsk-kristlike grûnslach yn Nederlân.[1][2][3] Dizze ferpyldere belangeferiening waard yn 1918 oprjochte[1][2] en ûnderhold lange tiid nauwe bannen mei de ARP.[1] Nei tsien moannen fan muoisume ûnderhannelings waard yn 1995 besletten ta in fúzje mei it roomske KNBTB en it liberale KNLC.[2] Sa ûntstie dat jiers LTO Nederlân, dêr't it CBTB yn opgie.[1][2]

  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 512..
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Broersma, Daniël, Het Groene Front Voorbij: De Agrarische Belangenbehartiging door LTO Nederland (1995-2005), Grins/Wageningen, 2010 (Agronomisch Historisch Instituut/University of Groningen Press), ISBN 978-9 03 67 46 441, haadstik 2 Fusie of Federatie: Het Ontstaan van LTO Nederland.
  3. Reijns, Gerard, Na jarenlang verzet neemt protestants-christelijke CBTB voortouw bij fusie met andere boerenbonden, yn: de Volkskrant, 5 april 1994.

Previous Page Next Page








Responsive image

Responsive image