De Cascades of it Cascadesberchtme (yn de Feriene Steaten Cascade Range en yn Kanada Cascade Mountains neamd) foarmje in berchtme by de westkust fan de Feriene Steaten del. It berchtme rint fan noard nei súd, fan it suden fan Britsk-Kolumbia, Kanada ôf, troch de Amerikaanske steaten Washington en Oregon oant yn it noarden fan Kalifornje. It gebiet is sa'n 1100 km lang en hat in trochsneed breedte fan 130 km. It heechste punt is Mount Rainier mei in hichte fan 4392 m. It berchtme bestiet út brede, besnijde toppen dêr't in stikmannich fan fulkanysk binne. In soad fan dy fulkanen binne tsjintwurdich noch hieltyd warber. It part benoarden Mount Rainier wurdt wol de North Cascades neamd, en it gea dêre is yn trochsneed rûger en de bergen binne steiler.
It berchtme is part fan de Noard-Amerikaanske Gurdle (North American Cordillera), de gurdle fan berchtmen dy't de westlike râne fan Noard-Amearika beslacht en dêr't ek bygelyks de Rocky Mountains en de Pasifyske Kustberchtmen ta hearre. De fulkanen fan de Cascades binne ek ûnderdiel fan de Ring fan Fjoer, it ringfoarmige gebiet rûnom de Grutte Oseaan dat ferneamd is om de ferskate ierdskoddings en fulkaanútbarstings dy't der foarkomme. Utbarstings, dy't foarkomme yn it hiele gebiet fan de Feriene Steaten, útsein Hawaiï en Alaska, wiene allegear fan fulkanen yn it Cascadesberchtme. De twa meast resinte grutte útbarstings wiene dy fan Lassen Peak yn 1914 en Mount Saint Helens yn 1980. Yn 2005 wie der in lytse útbarsting fan Mount St. Helens.