Castries | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | Sint Lusia | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ± 70.000 (2013) | |
Oerflak | 79 km² | |
Befolkingsticht. | 890 / km² | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Stifting | 1650 as "Carenage" 1756 nije namme "Castries" | |
Tiidsône | East Karibyske Tiidsône (ECT) (UTC-4) | |
Koördinaten |
Castries is de haadstêd fan de eilânsteat Sint Lusia.
Castries leit yn it fierste part fan in smelle ynholte en is feitlik boud op nij lân. De stêd is sit fan it regear en dêr binne ferskate kantoaren fan pleatslike en bûtenlânske bedriuwen. It strjittepatroan is opset as in roaster (liket op dat fan New York). It plak hat in beskerme lizzende haven dy't sawol troch frachtskippen, fearboaten as cruiseskippen oandien wurdt. Dêr binne belestingfrije winkels sa as Point Seraphine en La Place Carinage, in protte restaurants dy't in grut ferskaat oan menús oanbiede (fan pleatslik oant Sineesk iten), supermerken en noch in soad oare winkelfasiliteiten.
It iepenbier ferfier is dêr goed regele mei bussen. Tusken Castries en Fort-de-France op Martinyk wurdt in feartsjinst ûnderhâlden.
Toeristen komme nei Sint Lusia om belestingfrij te winkeljen en foar de moaie strannen, dêr't ferskate fan yn en by Castries te finen binne.