Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Colin Dexter

Colin Dexter
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Norman Colin Dexter
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 29 septimber 1930
berteplak Stamford
stoarn 21 maart 2017
stjerplak Oxford
wurk
taal Ingelsk
sjenre detektivefiksje
bekendste
  wurk(en)
Inspector Morse-rige
prizen Silver Dagger Award,
Gold Dagger Award,
Prix Palle-Rosenkrantz 1996
jierren aktyf 1975 - 2017

Norman Colin Dexter OBE (Stamford, Lincolnshire, Feriene Keninkryk 29 septimber 1930 - Oxford, 21 maart 2017) wie in Ingelsk misdiedskriuwer, bekend fan Inspector Morse. Dexter skreau de rige yn it tiidrek 1976-1999. Tusken 1987-2000 ferskynde de telefyzjebewurking.

Ek wie er belutsen by de foarrige Endeavour.

De telefyzjerige Inspector Morse hat 33 ôfleveringen. Yn de measte ôfleverings hie Dexter in kameo-optreden, in byroltsje. De muzyk fan de searje, komponearre troch Barrington Pheloung, hat in motyf basearre op de morsekoade foar M.O.R.S.E. (-- --- ·-· ··· ·)

Dexter siet yn it ûnderwiis, mar moast dêr fanwege tanimmende dôvens mei ophâlde. Dêrnei waard er Senior Assistant Secretary oan de Universiteit fan Oxford Delegacy of Local Examinations – in baan dy't er oan syn pinsjoen yn 1988 hâlde soe.
Hy sette útein mei it skriuwen fan mysteryferhalen yn 1973 op in fakânsje yn Wales. Dêr skreau er de earste paragrafen fan in potinsjeel detectiveferhaal mei de titel Last Bus to Woodstock, dat yn 1975 publisearre waard en it personaazje en de wrâld fan Inspector Morse yntrodusearre, in sinnige plysje-ynspekteur mei in kontroversjele wize fan wurkjen en grut leafhawwer foar klassike muzyk en krúswurdriedsels.


Previous Page Next Page