Cook Inlet | ||
geografy | ||
type wetter | baai | |
lokaasje | súdkust fan Alaska | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
koördinaten | 60°20′16″N 151°52′30″W | |
ûnderdiel fan | Golf fan Alaska | |
sifers | ||
maks. lingte | 290 km | |
maks. breedte | 80 km | |
oerflak | 12.000 km² |
De Cook Inlet (Tanaina: Tikahtnu) is in see-earm of grutte baai oan 'e súdkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska, dy't hydrografysk diel útmakket fan 'e folle gruttere Golf fan Alaska. It wetter foarmet in wichtige rûte foar de skipfeart, mei't de grutte stêd Anchorage oan 'e noardlike útein leit. De Cook Inlet is ferneamd nei de bekende achttjinde-iuwske Britske ûntdekkingsreizger James Cook.