Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


De Fiskers

De Fiskers
algemiene gegevens
oarspr. titel Fiskerne
auteur Hans Kirk
taal Deensk
foarm roman
sjenre kollektive roman
1e publikaasje 1928, Kopenhagen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fiskers
publikaasje 1965, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Miedema
oersetter Gerryt Dykstra

De Fiskers, yn it oarspronklike Deensk: Fiskerne, is in roman fan 'e hân fan 'e Deenske skriuwer, essayist, sjoernalist en kommunist, Hans Kirk (1898-1962). It wie de earste Deenske kollektive roman, dy't ta de streaming fan it sosjaal reälisme heart, en it beskriuwt de solidariteit, mar ek de konflikten fan in groep religieus oanleine fiskers. Fiskerne waard foar it earst publisearre yn 1928. Kirk wie der net gau tefreden mei, en eide it acht kear oer foar't er it úteinlik publisearre. Fiskerne waard daliks rûnom priizge, en waard it bêst ferkeapjende literêre boek aller tiden yn 'e Deenske taal, dat neitiid alve kear oerset is. Yn 1977 waard it ferfilme ta in yn totaal seis oeren duorjende searje, dy't útstjoerd waard op 'e Deenske tillefyzje. De Fryske oersetting, fan Gerryt Dykstra, ferskynde yn 1965.


Previous Page Next Page






Fiskerne (roman) Danish The Fishermen (Kirk novel) English

Responsive image

Responsive image