Deuteronomium | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | דברים ("Deḇarim") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 8e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Numeri | |
● folgjend diel | Jozua | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Deuteronomium | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Deuteronomium (in Latynske namme dy't ûntliend is oan it Grykske Δευτερονόμιον, Dheuteronomion, dat "Twadde Wet" betsjut), yn it oarspronklike Hebriuwsk: דברים, Deḇarim ("Sprutsen Wurden"), is it fyfde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Torah (de "Leare" of "Wet"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Wet. Deuteronomium bestiet út trije preken dy't de profeet Mozes foar de Israeliten hâldt oan 'e foarjûn fan harren ferovering fan it Unthjitten Lân fan Kanaän. Yn it boek wurdt dêrmei nochris oereide wat der sûnt de úttocht út Egypte foarfallen is en dêrnjonken foarmet it in oprop oan it folk om trou te bliuwen oan God.
Neffens de tradysje soe de tekst fan Deuteronomium in werjefte wêze fan 'e feitlike wurden fan Mozes foarôfgeande oan 'e besetting fan Kanaän, mar hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen binne it der fierhinne oer iens dat it boek syn oarsprong ynstee fûn hawwe moat yn it noarderkeninkryk Israel, dêr't it wei nei it suden ta brocht wêze moat, nei Juda, nei't de Alde Assyriërs yn 'e achtste iuw f.Kr. Samaria, de haadstêd fan Israel, ferwoastge hiene. Yn Juda waard it dêrop, yn 'e lette sânde iuw f.Kr., oanpast oan it nasjonalistyske herfoarmingsbelied ûnder kening Josjía, wylst de definitive ferzje gearstald wêze moat nei de weromkear út 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 'e lette sechsde iuw f.Kr. De earste folsleine Fryske oersetting fan Deuteronomium stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.