Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Dykmarkearring

In autowei fan 100 km/o yn Nederlân, mei in griene streek tusken in dûbele trochlutsen streek yn (ynheljen ferbean).
Deselde soarte dyk, mar mei in dûbele ûnderbrutsen streek (ynheljen tastien).
Tydlike giele streken yn Dútslân

In dykmarkearring is in teken op de weidek om bestjoerders en fuotgongers it krekte paad oan te wizen. Ienheid yn sokke markearrings is wichtich om betizing en ûnwissens tefoaren te kommen. Der binne ferskate soarten markearrings, sa as meganysk en net-meganysk. Markearrings besteane út pylken, streken om rydstripen oan te tsjutten, ûnderbrutsen en trochlutsen linen, haaietosken, oergong foar fuotgongers oer in dyk hinne, it sebrapaad, stopstripen, linen om parkearplakken oan te tsjutten, ensafuorthinne. Alhoewol't lannen besykje harren markearrings oerienkomme te litten, besteane der dochs in bytsje ferskillen.

Dykmarkearrings wurde oanbrocht troch dykmarkearringsark. Guon dykmarkearrings befetsje reflektors, om yn tsjuster better sjen te kinnen, en rammelstripen, dêr't in reau by dy't oer de line rydt, in triljend lûd makket.

Ek kin der in tydlike markearring oanbrocht wurde, sa as bygelyks by dykkonstruksje, dêr't ferkear oer oare stripen laat wurde moat.


Previous Page Next Page