Eastfrysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Eastlauwersk Frysk | |
eigen namme | (Aast)Fräisk | |
lânseigen yn | Dútslân | |
tal sprekkers | 2.250 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Frysk - Eastfrysk | |
dialekten | Iemsfrysk (û.m. Auricherlânsk, Brokmerlânsk, Norderlânsk, Emsigerlânsk, Moarmerlânsk, Reiderlânsk, Borkumersk, Baltrumersk, Sealterfrysk), Wezerfrysk (Harlingerlânsk, Jeverlânsk, Rjustringersk, Bûtjadingersk, Woerstfrysk, Wuerdfrysk, Wangereagersk, Spikereagersk, Lange-eagersk) | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Sealterfrysk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal; alle oare Eastfryske dialekten binne útstoarn | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | gem | |
ISO 639-3 | stq (Sealterfrysk) |
It Eastfrysk, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. Krekt as mei it Frysk yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân bard is, is it Eastfrysk de lêste seishûndert jier hieltyd fierder yn it neigean rekke. Hjoed de dei wurdt der noch mar ien dialekt sprutsen, it Sealterfrysk.