Ella Fitzgerald (1940) (* 25 april 1917, Newport News(?) - † 15 juny 1996, Beverly Hills) ek wol "First Lady of Song", "Queen of Jazz" en "Lady Ella" neamd, wie in Amerikaansk jazz sjongster mei in fokaal berik fan trije oktaven. Sy stie bekend om har suverens fan toan, treftich diksje, frasearring, yntonaasje en in hoarnige ymprovisatoarysk fermogen, foaral yn har scat-sang.
Fitzgerald wie in wichtige ynterpretearrer fan The Great American Songbook. Yn de tiid fan har 59-jier lange opnimkarriêre, hat sy 40 miljoen plate-albums ferkocht fan har mear as 70 albums. Sy wûn 13 kear in Grammy Award, ek is har de National Medal of arts troch Ronald Reagan en de Presidential Medal of Freedom troch George H. W. Bush takend.