Endemisme of endemy (fan it Latynske endemicus, dat weromgiet op it Grykske ἔνδημος, éndēmos, "lânseigen") is in ferskynsel dat in soarte (of in oar takson lykas in skaai of famylje) fan natuere allinne yn ien geografysk ôfgrinzge gebiet foarkomt. As in soarte yn ien lân of allinne op bygelyks in eilân of yn in berchtme of in oare definiearre sône foarkomt, dan is dat in endeem of in endemyske soarte.
Foar endemy oer stiet de kosmopolityske fersprieding. Yn it gefal fan kosmopolityske fersprieding komme soarten (of in oar takson) oer in grut part fan 'e wrâld of sels oer de hiele wrâld foar.
De term moat net mei de term lânseigen betiizge wurde. Lânseigen betsjut dat de soarte fan natuere earne foarkomt. In lânseigen soarte kin dus wol endemysk wêze, mar is dat net as dyselde ek yn oare geografyske gebieten foarkomt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |