Evangeelje fan Markus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Εὐαγγέλιον κατὰ Μᾶρκον ("Euangelion kata Markon") | |
auteur | Jehannes Markus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 66 – 73 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Evangeelje fan Mattéus | |
● folgjend diel | Evangeelje fan Lukas | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Da Godstyding Bescreauwn trog Marcus | |
publikaasje | Gau, ±1860 | |
oersetter | Waalke van Borssum Waalkes |
It Evangeelje fan Markus, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Μᾶρκον, to Euangelion kata Markon (mar meastentiids koartwei Markus neamd), is it âldste evangeelje, en ien dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it twadde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en foarmet yn 'e mande mei de evangeeljes fan Mattéus en Lukas ien fan 'e trije synoptyske evangeeljes. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste ûnderskate Fryske oersettings fan it Evangeelje fan Markus ferskynden al yn 'e njoggentjinde iuw.