It Ferdrach fan Maastricht waard op 7 febrewaris 1992 tekene en late ta oprjochting fan de Jeropeeske Uny.
De neikommende lannen hawwe it ferdrach tekene: Belgje, Denemark, Dútslân, Grikelân, Feriene Keninkryk, Spanje, Frankryk, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân en Portugal.
Mei it tekenjen fan it ferdrach foarmen de Jeropeeske Mienskippen (JMKS, JG, Euratom), Mienskiplik Bûtenlânsk- en Feiligensbelied (MBFB), Justysje en Ynlânske Saken meiïnoar de earste fan de trije pylders fan de JU.