Fingerjen is it brûken fan ien of mear fingers (of oare dielen fan 'e hannen) foar seksuele stimulaasje fan 'e fagina en/of de anus. Yn 'e regel wurdt der ûnder ferstien it yn en út bewegen fan ien of mear fingers yn 'e fagina (of anus), mar ek it mei de fingers massearjen fan 'e klitoris, de skamlippen en de yngong fan 'e fagina, sûnder dat de fingers eigentlik de fagina binnendringe, wurdt ta fingerjen rekkene. Fingerjen is in foarm fan masturbaasje. It kin selsbefrediging wêze as men it by jinssels docht, mar it kin ek troch in sekspartner by jin dien wurde; yn dat gefal is it in foarm fan mienskiplike masturbaasje. Troch fingerjen fan har fagina, skamlippen en/of klitoris kin in frou seksueel opwûn reitsje en in orgasme berikke. It fingerjen fan 'e anus wurdt troch sawol (guon) froulju as (guon) manlju dien. Manlju kinne in orgasme berikke troch anale stimulaasje fan 'e prostaat.