Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Gemeentlik monumint

In gemeentlik monumint is yn Nederlân in bouwurk, archeologysk fynplak as lânskiplike struktuer dy't op grûn fan in gemeentlike feroardering beskerme wurdt út reden fan bysûndere kultuerhistoaryske of arsjitektoanyske wearde. De gemeente kin sels bepale wat in gemeentlik monumint wurdt. Der binne gemeenten dy't gjin gemeentlike monuminten oanwiisd hawwe.[1][2]

Objekten mei in gemeentlike monumintestatus binne faak fan pleatslik as regionaal belang, wylst objekten dy't oanwiisd binne as ryksmonumint faak fan nasjonaal of ynternasjonaal belang binne. Nederlân hie yn 2010 sa'n 41.000 adressen [3] dy't as gemeentlik monumint oanwiisd binne.

  1. Gemeentelijk monument op monumenten.nl
  2. Andersson Elffers Felix, Gemeenten MoMo-proof - Eindrapport, 10 novimber 2010, s. 16
  3. http://www.monumententoezicht.nl/wetgeving/monumentenwet Ynfomaasje op www.monumententoezicht.nl]

Previous Page Next Page






Gemeentelijk monument German Municipal monument in the Netherlands English Gemeentelijk monument Dutch

Responsive image

Responsive image