Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Gorkum

Lizzing fan Gorkum
Gemeente Gorkum

Gorkum[1] (Nederlânsk en offisjeel: Gorinchem; pleatslik: Gorcum) is in stêd en gemeente yn Súd-Hollân, mei 37.632 ynwenners (1 jannewaris 2022, boarne: CBS) en in oerflak fan 21,93 km², dêr't 3,22 km² wetter fan is. Dalem heart ek by de gemeente Gorkum.

Gorkum leit oan de rivier de Linge, en oan de Waal en de Boppe-Merwede mei oan de oarekant Sleeuwijk en Woudrichem. De gemeente hat in spoarstasjon oan de westlike Betuweline (Dordrecht-Geldermalsen). Benoarden Gorkum rint rykswei A15, dy't soarte fan bondele is mei de Betuwerûte. Bewesten de stêd rint rykswei A27 mei de 'flessehals' de Merwedebrêge.

De stêd leit foar in part yn de Alblasserwaard en foar in part yn de Tielerwaard. De grins leit sa'n bytsje op de Lingsedyk. It easten fan Gorkum leit yn de Tielerwaard en wie earder provinsje Gelderlân, mar no is dat by Súd-Hollân. It doarp Dalem leit ek yn de Tielerwaard.

Otto fan Arkel (om 1330-1396) joech Gorkum op 11 novimber 1382 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.

  1. Bygelyks neamd as "Gorkum" yn Damen Shipyards mear yn Burgum, op Omrop Fryslân

Previous Page Next Page






Gorinchem AF خوريكوم Arabic خوريكوم ARZ Горинхем Bulgarian Gorinchem Catalan Gemeente Gorinchem CEB Gorinchem German Χόρινχεμ Greek Gorinchem English Gorinchem EO

Responsive image

Responsive image