Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Grammy Award

De Grammy Awards (oarspronklik Gramophone Awards neamd), ynsteld yn 1959, wurde yn it generaal beskôge as ien fan de wichtichste muzykprizen fan de wrâld, ferlykber mei de Oscars (foar film), de Emmys (foar tillefyzje) en de Tonys (foar toaniel). Dizze ûnderskiedings wurde alle jierren yn de Feriene Steaten troch de National Academy of Recording Arts and Sciences (NARAS) utrikt om artistike en technyske prestaasjes op it mêd fan muzyk te earjen. De sjuery bestiet út artysten en profesjonele muzyktechnisy. Sy meitsje in kar út de nominearden: muzikanten, sjongers, sjongsters en bands, arranzjeurs, tekstskriuwers, produsinten, diriginten, komponisten en muzyktechnisy yn gâns kategoryen. Der is ek in kategory "sputsen wurd", foar ynsprekkers fan lústerboeken; ferneamde politisy as Jesse Jackson, Franklin D. Roosevelt, Martin Luther King, Bill Clinton en Hillary Clinton hawwe elts ea in Grammy yn dy kategory wûn.


Previous Page Next Page






Grammy AF ግራሚ አዋርድስ AM جائزة غرامي Arabic جرامى ARZ Premios Grammy AST Qremmi mükafatı AZ قرمی جایزه‌سی AZB Грэмми BA Грэмі BE Грэмі BE-X-OLD

Responsive image

Responsive image