De Grutte Trek is de namme foar de tocht wêrmei't Nederlânsktalige boeren fan Súd-Afrika fuort setten omdat se net mear ûnder it Britsk koloniale bestjoer hearre woenen. De tocht gie nei it easten en noarden yn de tiid om 1840 hinne. De Grutte Trek soe liede ta de oprjochting fan de ferskillende boererepubliken, dy’t ek tegearre mei de kaapkoloanje in basis foarmje soene foar it oprjochtsjen fan de Uny fan Súd-Afrika en it hjoeddeistige Súd-Afrika.