H.G. Wells | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Herbert George Wells | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 21 septimber 1866 | |
berteplak | Bromley (Ingelân) | |
stoarn | 13 augustus 1946 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | literêre romans en koarte fer- halen, SF, essay's, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
The Time Machine The Island of Doctor Moreau The Invisible Man The War of the Worlds | |
jierren aktyf | 1884 – 1945 | |
offisjele webside | ||
hgwellssociety.com |
H.G. Wells (folút: Herbert George Wells; Bromley (Kent), 21 septimber 1866 – Londen, 13 augustus 1946), wie in Britsk skriuwer, essayist, senarioskriuwer, biolooch, etikus en histoarikus, dy't in grut oeuvre oan romans, novellen, koarte ferhalen, essay's, histoaryske wurken en krante- en tydskrifte-artikels neilitten hat. It bekendst is er lykwols wurden op it mêd fan it sjenre fan 'e science fiction, en tegearre mei Jules Verne en Hugo Gernsback heart er ta it trijemanskip dat wol oantsjut wurdt as de "Heiten fan 'e Science Fiction". Under syn bekendste wurken binne The War of the Worlds, The Time Machine, The Invisible Man en The Island of Doctor Moreau. Wells wie ek in útsprutsen en foaroansteand sosjalist en pasifist dy't teffens op dat mêd in soad publisearre hat.