Han Solo personaazje út Star Wars | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berop/amt | smokkelder, rebel | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
prinsesse Leia Chewbacca Luke Skywalker Kylo Ren | |
attributen | Millennium Falcon ploffer | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Han Solo is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in smokkelder fan 'e planeet Corellia en letter in lieder fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk, "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Han Solo makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch akteur Harrison Ford. Krapoan fjirtich jier letter spile Ford deselde rol wer yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Yn 'e spin-off-film Solo: A Star Wars Story (2018) waard de rol oernommen troch Alden Ehrenreich. Han Solo is ûnlosmaklik ferbûn mei syn dierbere romteskip de Millennium Falcon en syn hierrige ko-piloat, de Wookiee Chewbacca.