Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Hans Christian Andersen

Hans Christian Andersen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Christian Andersen
nasjonaliteit Deensk
berne 2 april 1805
berteplak Odense (Denemark)
stoarn 4 augustus 1875
stjerplak Kopenhagen (Denemark)
etnisiteit Deensk
wurk
taal Deensk
sjenre mearkes, lit. koarte ferh. &
romans, fantasy, poëzij, toaniel,
reisferh.
perioade 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
It Unsjogge Pykje
De Lytse Wetterfaam
It Lytse Famke mei de
   Swevelstokken
jierren aktyf 18221872
offisjele webside
www.andersen.sdu.dk

Hans Christian Andersen (Deenske útspr.: /ˈhanˀs ˈkʁæsdjan ˈɑnɐsn̩/; yn Skandinaavje almeast H.C. Andersen neamd; Odense, 2 april 1805Kopenhagen, 4 augustus 1875) wie in ferneamd Deenske skriuwer en dichter, dy't bûten syn heitelân fral bekendheid krigen hat fanwegen syn mearkes, hoewol't er ek withoefolle toanielstikken, opera's, reisferhalen, romans en gedichten skreaun hat. Syn mearkes, mei dêrûnder sokke klassikers as It Unsjogge Pykje, De Lytse Wetterfaam en It Lytse Famke mei de Swevelstokken, binne net inkeld foar bern bedoeld; se befetsje ek libbenslessen en altemets in maatskippijkrityske kanttekening foar folwoeksenen. Sels neamde hy se trouwens net mearkes, mar eventyr (dat eins "fantasijferhalen" betsjut), en as sadanich kinne se beskôge wurde as foarrinners fan it moderne fantasysjenre. Noch by syn libben wiene syn súkses en syn ferneamdens al sa grut dat er ûnthelle waard troch keningen. Andersen syn mearkes binne ûnderwilens oerset yn mear as 125 talen, wêrûnder ek (guon yn) it Frysk, en binne adaptearre ta withoefolle oare media, lykas film, animaasje, toaniel en ballet.


Previous Page Next Page