Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Hatsum

Wurk oan 'e wei tusken Dronryp en Baaium, 16 july 1934.

Hatsum is in buorskip tusken de Fryske doarpen Dronryp en Baaium, yn 'e gemeente De Waadhoeke. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 lei it yn 'e gemeente Menameradiel. Hatsum falt ûnder de himrik fan Dronryp. De namme komt yn histoaryske boarnen ek foar as Hastzen, Hatsem, Hatzum.

Men wenne earder 'op Hatsum'. Dêr stie eartiids de Hobbemastate. Tsjintwurdich wurdt it sintrum fan 'e buorskip foarme troch it restaurant Op Hatsum. Dêr fuort njonken is it Stasjon Dronryp oan it spoar fan Ljouwert nei Harns, dat by Hatsum de wei fan Baaium nei Dronryp krúst. Ek is op Hatsum in maneezje fêstige.


Previous Page Next Page






Hatsum English Hatsum Dutch

Responsive image

Responsive image