Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Herpetology

Herpetology (fan it Grykske herpien, "glûpe") is de tûke fan 'e soölogy dy't de stúdzje omfettet fan sawol amfibyen (kikkerts en podden, salamanders en wjirmsalamanders) as reptilen (skyldpodden, slangen, hagedissen, wjirmhagedissen, brêgehagedissen, krokkedillen, aligators, kaaimannen en gavialen). De batrachology is in subdissipline fan 'e herpetology, dy't inkeld de stúdzje nei amfibyen beslacht. Hoewol't poer taksonomysk sjoen ek fûgels ta de reptilen hearre, wurdt de stúdzje nei fûgels, de ornitology, net ta de herpetology rekkene. Benammen taksonomy, ekology en (funksjonele) anatomy, it ûndersyk nei gifstoffen en it ûndersyk nei sykten binne op it mêd fan 'e herpetology wichtige stúdzjeterreinen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Previous Page Next Page