Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Horace Walpole

Horace Walpole

Horace Walpole (24 septimber 1717 - 2 maart 1797), de 4e greve fan Orford, wie in Britsk skriuwer, keunsthistoarikus en politikus. Hy wie in soan fan minister-presidint Robert Walpole en de omkesizzer fan Lord Nelson.

Walpole is fral bekend wurden as skriuwer fan The Castle of Otranto (1764), dy't beskôge wurdt as de earste saneamde 'gothic novel' (Goatyske roman), de fantastyske grizelroman, dy't yn de 19e iuw opkaam. De earste útjefte fan it boek ferskynde anonym en waard presintearre as in oersetting fan in âlde Italjaanske tekst. De twadde edysje waard útbrocht ûnder de wiere namme fan de skriuwer, en hie as ûndertitel, 'in goatysk ferhaal'.

Hjirmei wie in nij sjênre taheakke oan de literatuer, dat neifolge wurde soe mei ferneamd wurk sa as Frankenstein (1818) fan Mary Shelly, Wuthering Heights (1847) fan Emily Brontë en Drakula (1897) fan Bram Stoker.

Op it mêd fan de literatuer makke Walpole fierders namme mei syn 'Brieven', dy't fan belang binne út sosjaal en polityk eachpunt.

Teffens is er bekend fan de bou fan Strawberry Hill, it hûs dat er sette liet yn Twickenham, súd-west Londen, dêr't er de oanset mei joech ta it oplibjen fan de goatyske boustyl, jierren foardat syn Fiktoariaanske opfolgers sa bouwe soene.

18e iuwske gravuere fan Walpole's filla

Previous Page Next Page