Hylpersk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Hynljippersk | |
eigen namme | Hylpers | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 400 (2019) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Hylpersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal?) |
It Hylpersk (Hylpersk: Hylpers) is it argayske Fryske dialekt fan it stedsje Hylpen, dat oan 'e westkust fan 'e provinsje Fryslân leit, op in skiereilantsje dat útstiket yn 'e Iselmar. It hat in tige behâldende klanklear en wurdskat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is. De ferskillen yn útspraak en wurdskat tusken it Hylpersk en it Standertfrysk binne sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar komt.