Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Jacob Noteman

Jacob Noteman (Sittard of omkriten, om 1599)[1]) wie in 17e iuwsk brûnsjitter út Ljouwert. Hy hie syn bedriuw yn de âlde tsjerke fan Nijehou yn Ljouwert dêr't syn foargonger en learmaster Hans Falck fan Neurenberch earder wurke hie. Yn 1650 is er nei Heidelberch, Dútslân, ferfearn. Hy waard yn Ljouwert opfolge troch Jurjen Balthasar.

Klok fan Noteman yn de klokkestoel fan Lúnbert

Noteman makke ûnder oaren de lytse klok fan de Aldehou (1637) en levere yn 1642 tsien klokken foar de Sint-Jans Katedraal yn De Bosk. Fierders hawwe Jislum (1636), De Jouwer (1636), Hitsum (1637), de waach yn Dokkum (1637), Burdaard (1638), Westhem (1639), Boalsert (1640), Finkegea (1642), Ie (1642), Sonnegea (1644), Tersoal (1644), Terbant (1645), Skiermûntseach (1648) en it stedhûs fan Harns (1648) syn liedklokken.

  1. andrelehr.nl/gieters

Previous Page Next Page






Jacob Noteman Dutch

Responsive image

Responsive image