Jakobus de Rjochtfeardige (Nazaret, begjin 1e iuw – Jeruzalim, 69) wurdt yn it Evangeelje de "broer fan de Hear" (fan Jezus Kristus) (Evangeelje fan Markus 6:3) neamd. Hy wurdt de Rjochtfeardige neamd om ûnderskied te meitsjen mei oare Jakobussen dy't yn it Nije Testamint neamd wurde. De oertsjûging dat Jakobus "de broer fan de Hear" is, is lykwols striderij oer; nei alle gedachten wied er mear út 'e fierte famylje fan Jezus. Hy wie yn alle gefallen net Jakobus, de broer fan Jezus, dy't de skriuwer is fan it nijtestamintysk Brief fan Jakobus.