It Keninkryk Susseks of Keninkryk fan de Súd-Saksen (Sūþseaxna rīce) wie in Saksyske koloanje en letter in ûnôfhinklik keninkryk fan de Saksen, oan de súdkust fan Ingelân. De grinzen fan it ryk kamen rûchwei oerien mei dy fan it eardere keninkryk fan de Regnensen en dy fan it lettere greefskip Susseks. In grut part fan it gebiet wie yn it ferline oerdutsen troch it Wâld fan Andred. Oerflak: 3,783 km2.