Lissabon Lisboa | ||
Plak fan Lissabon yn Portugal | ||
Bestjoer | ||
Lân | Portugal | |
Regio | Lissabon | |
Subregio | Grut-Lissabon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 508.368 (2017) | |
Oerflak | 84,8 km² | |
Befolkingsticht. | 6.458 / km² | |
Stêdekloft | 2.854.802 op 2,957 km2 | |
Hichte | 0 - 227 m | |
Oar | ||
Tiidsône | WET(UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Lissabon |
Lissabon (Lisboa yn it Portegeesk) is de haadstêd fan Portugal. It is ek de grutste stêd fan it lân, mei de stêdekloft om de stêd hinne wenje der krapoan 3.000.000 minsken. De stêd leit op de rjochterouwer fan de Taach, tichtby de Atlantyske Oseaan, yn de omkriten Estremadura.
Yn Lissabon hat de Portugeeske regearing en talleaze oerheden harren sit, en mei seis universiteiten en de Akademy foar Wittenskip is de stêd it politike en kulturele sintrum fan it lân. De stêd beskikt ek oer in wichtige seehaven. Lissabon is ek de sit fan in oantal ynstellings fan de Jeropeeske Uny.