Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Ljochtjier

De trochsneed fan it Andromedastjerrestelsel is 140.000 ljochtjierren
De Conedize op 2.700 jochtjier fan de ierde, fotgravearre troch de Hubbleteleskoop

In ljochtjier, symboal lj, (Ingelsk: light-year, symboal: ly) is in lingtemjitte dy't brûkt wurdt yn de astronomy. In ljchtjier is de ôfstân dat ljocht yn fakuüm ôfleit yn de tiid fan ien jier neffens de ierdeske kalinder. In ljochtjier is gjin ienheid fan tiid sat't de namme wol tinken docht.

De sekuere definysje fan in ljochtjier is de ôfstân dy't in foton ôflizze soe yn in frije romte, ûneinich fier fuort fan elts swiertekrêftsfjild en magnetysk fjild yn ien Juliaansk jier (365,25 dagen fan elk 86 400 sekonden). Meidat de ljochtsnelheid yn fakuüm per definysje eksakt lyk is oan 299 792 458 m/s is in ljochtjier sekuer 9 460 730 472 580 800 m,[1] yn rûne sifers 9,46 × 1015 meter, 9,46 petameter of 9,46 biljoen kilometer. In ljochtjier is ek sa'n bytsje lyk oan 63 241 astronomyske ienheden (AE).

It ljochtjier wurdt faak brûkt om de ôfstân ta stjerren, stjerrestelsels en oare objekten yn de romte oan te tsjutten. Yn de astronomy wurdt foar sokke ôfstannen lykwols faker de parsek brûkt, dy't beskreaun is as de ôfstân op hokker in objekt in parallaks fan ien bôgesekonde generearret as it observearre objekt him ien astronomyske ienheid perpleatse soe leadrjocht op de sichtline fan de waarnimmer. In parsek is likernôch gelyk oan 3,26 ljochtjier. De parsek wurdt leaver brûkt meidat dy makliker ôflaat wurde kin út en fergelike wurde kin mei feiten 't waarnimming. Bûten wittenskiplike fermiddens wurdt de ienheid ljochjier lykwols meast brûkt.

Ienheden relatearre oan it ljochtjier binne it ljochtoere, de ljochtminút en ljochtsekonde, de ôfstân dy't it ljocht ôfleit yn fakuüm yn efter elkoar in oere, in minút en in sekonde. In ljochtminút is gelyk oan 17 987 547 480 meter, of sa'n 18 miljoen kilometer. Ien ljochtsekonde is (definysje) 299 792 458 m.

  1. International Astronomical Union

Previous Page Next Page






Ligjaar AF Lichtjahr ALS የብርሃን ዓመት AM Anyo luz AN Lēohtgēar ANG سنة ضوئية Arabic سنة ضوئية ARY سنة نور ARZ আলোক-বৰ্ষ AS Añu lluz AST

Responsive image

Responsive image