Louis Marie Anne Couperus (Den Haach, 10 juny 1863 – De Steech, 16 july 1923) wie in Nederlânsk skriuwer en dichter. Al by syn libben hie Couperus in ynternasjonale reputaasje; syn wurk is yn in alderhanne talen oerset. Lykas oaren yn it fin de siècle (bygelyks: Oscar Wilde) wie er in dandy en kin syn libbenshâlding as dekadint oantsjut wurde.