Steat Maine State of Maine (Ingelsk) État de Maine (Frânsk) | |
---|---|
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
Dirigo (Latyn, "Ik wiis it paad") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
![]() | |
algemien | |
ôfkoarting | ME |
lân | ![]() |
status (jier) | steat (1820) |
haadstêd | Augusta |
grutste stêd | Portland |
offisjele taal | Ingelsk en Frânsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 1.330.089 (2014) |
befolkingstichtens | 14,5 / km² |
oerflak | 91.646 km² (13,5% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Pine Tree State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –3 |
webside | www.maine.gov |
Maine (útspr.: [me:n], likernôch "meen"), offisjeel de Steat Maine (Ingelsk: State of Maine; Frânsk: État de Maine), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Maine, byneamd de Pine Tree State ("Dinnebeamsteat"), leit yn it uterste noardeasten fan it lân, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Augusta, mar de grutste stêd is Portland. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 1,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 41e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Maine mei krapoan 92.000 km² de 39e steat. Maine stiet bekend om syn rotseftige kustline, syn tichtbeboske binnenlân en syn kwisine op basis fan 'e fiskerij, mei yn 't bysûnder kreeft en moksels.