Medina المدينة | ||
Moskee fan de Profeet | ||
Bestjoer | ||
Lân | Saûdy-Araabje | |
Provinsje | Hidjaz | |
Regio | Al Madinah | |
Boargemaster | Fahad Al-Belaihshi | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.180.770 (2010) | |
Oerflak | 589 km² | |
Befolkingsticht. | 2000 / km² | |
Hichte | 608 m | |
Oar | ||
Stifting | 6e iuw f.Kr. | |
Tiidsône | UTC+3 | |
Offisjele webside | ||
Webstee |
Medina (Arabysk: al Madīnah al Munawwarah المدينة المنورة, 'de Ljochtsjende stêd') is in stêd yn Saûdy-Araabje, sa'n 320 km benoarden Mekka; it is de twads hillichste stêd fan de Islam. De Moskee fan de Profeet yn Medina is part fan de hadzj, de islamityske beafeart. Medina is ien fan de twa stêden dêr't Mohammed [1] de Koran fan Allah ûntfong. Mei de flecht fan Mohammed út Mekka yn 622 begjint de islamityske kalinder. Yn 632 stjert Mohammed yn Medina en soe beïerdige wêze yn de Moskee fan de Profeet dêre. De stêd is fanâlds sletten foar net-moslims.
Yn foar-islamityske tiden hjitte de stêd Yathrib.