Medny-Aleoetysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Kopereilân-Kreoalsk, Kopereilân-Aleoetysk | |
lânseigen yn | ![]() | |
tal sprekkers | 10-12 (1996) | |
skrift | Syrillysk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | mingtaal (Aleoetysk-Russysk) | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | mud |
It Medny-Aleoetysk, ek wol Kopereilân-Kreoalsk of Kopereilân-Aleoetysk neamd, is in mingtaal dy't foarme is troch ferminging fan it Slavyske Russysk en it Aleoetysk, ien fan 'e Eskimo-Aleoetyske talen. It wurdt sprutsen op it eilân Bering, ien fan 'e Kommandeurseilannen yn it Fiere Easten fan 'e Russyske Federaasje, dy't bestjoerlik ûnder it territoarium Kamtsjatka falle. It Medny-Aleoetysk waard yn 1996 noch sprutsen troch 10 oant 12 (âldere) minsken, en balansearret dêrmei op it rântsje fan it útstjerren.