Noard-Yorkshire (Ingelsk: North Yorkshire) is in greefskip (shire county) yn de Ingelske regio Yorkshire en de Humber, dat oprjochte waard n 1974. It hat 1.072.600 ynwenners (2014). It oerflak beslacht 8037,6 km2, wêrmei't it it grutste greefskip fan Ingelân is.
It greefskip grinzet oan East Riding of Yorkshire, Súd-Yorkshire, West-Yorkshire, Lancashire, Cumbria en Durham.