Oidipoes yn Kolonos | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Οἰδίπους ἐπὶ Κολωνῷ | |
auteur | Sofoklês | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 406 f.Kr. | |
1e opfiering | 401 f.Kr., Atene | |
rige | ||
rige | Tebaanske Trilogy | |
● foarich diel | Kening Oidipoes | |
● folgjend diel | Antígoné | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Oidipoes yn Kolonos (yn: Sofoklês: Trije Trageedzjes) | |
publikaasje | 1991, Easterein | |
útjouwer | Utjouwerij Van der Eems | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
prizen oers. | dr. Obe Postmapriis 1993 | |
ISBN oers. | 9 08 00 57 738 |
Oidipoes yn Kolonos, yn it oarspronklike Aldgryksk Οἰδίπους ἐπὶ Κολωνῷ, Oidipous epi Kolōnō (ek wol bekend ûnder de Latynske titel Oedipus Coloneus), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Kening Oidipoes en Antígoné), wêrfan't it it twadde diel foarmet, al is it as lêste skreaun. Yn Odipoes yn Kolonos arrivearret de bline en ferballe Oidipoes yn it Ateenske doarpke Kolonos, dêr't Têseus, de kening fan Atene, him asyl jout. Sofoklês skreau dit toanielstik koart foar syn dea op 'e âldens fan njoggentich jier, yn 406 f.Kr., en it waard foar it earst opfierd, ûnder lieding fan syn nei him ferneamde pakesizzer, op it Feest fan Dionysus, yn 401 f.Kr. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1991.