Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.
Oseaan
De oseaan (komt fan it GrykskeOceanus) hâldt yn in min ofte mear selsstannige wrâldsee tusken de kontininten yn , en kin meardere (lytsere) seeën befetsje.
De oseanen en seeën nimme om-ende-by 2/3 fan it oerflak fan de ierde yn, wylst it lân mar 1/3 bestrykt.
Sûnt de grinzen fan de Súdlike Oseaan fêstlein binne troch de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje yn 2004, wurde der fiif oseanen ûnderskieden (yn folchoarder fan grutte):
De Grutte of Stille Oseaan (eartiids Stille Súdsee neamd) (Ingelsk: Pacific Ocean) - Begrinze troch (mei wizers mei fan it noarden ôf) de Arktyske Oseaan, de westkust fan Noard- en Súd-Amearika, de Atlantyske, Súdlike en Yndyske Oseanen, de east- en noardeastkust fan Austraalje, de Yndonesyske arsjipel en de eastkust fan Aazje. Oerflakte: 155.557.000 fjouwerkante kilometer. De foarnaamste eilânnekloften yn de Grutte Oseaan binne Polyneezje, Melaneezje en Mikroneezje. By it eilân Guam leit de djipste trôch fan de wrâld; de Marianentrôch.
De Atlantyske Oseaan - Begrinze troch de Arktyske Oseaan, de west- en súdkust fan Jeropa, de noard- en westkust fan Afrika, de Yndyske, Súdlike en Grutte Oseanen en de eastkust fan Súd- en Noard-Amearika. Oerflakte: 76.762.000 fjouwerkante kilometer.
De Yndyske Oseaan - Begrinze troch de súdkust fan Aazje, de Yndonesyske arsjipel, de west- en súdkust fan Austraalje, de Grutte, Súdlike en Atlantyske Oseanen en de eastkust fan Afrika. Oerflakte: 68.556.000 fjouwerkante kilometer.
De Súdlike Oseaan - Oan de iene kant begrinze troch de kust fan Antarktika en oan de oare kant troch de Atlantyske, Yndyske en Grutte Oseanen. De grins mei dizze oseanen leit op 60° suderbreedte. Oerflakte: 20.327.000 fjouwerkante kilometer.
De Noardlike Iissee (ek Arktyske Oseaan neamd) - Begrinze troch de Atlantyske Oseaan, de noardkust fan Noard-Amearika, de Grutte Oseaan en de noardkust fan Aazje en Jeropa. Oerflakte: 14.056.000 fjouwerkante kilometer.