Mienebêst Pennsylvania Commonwealth of Pennsylvania | |
---|---|
flagge | wapen |
Virtue, Liberty and Independence (Ingelsk, "Deugdsumens, Frijheid en Unôfhinklikheid") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | PA |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1787) |
haadstêd | Harrisburg |
grutste stêd | Philadelphia |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 12.787.209 (2014) |
befolkingstichtens | 107,2 / km² |
oerflak | 119.283 km² (2,7% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Keystone State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
webside | www.pa.gov |
Pennsylvania (útspr.: [pɛnsɨl've:ɲǝ], likernôch "Pen-s'l-vee-njuh"), offisjeel it Mienebêst Pennsylvania (Ingelsk: Commonwealth of Pennsylvania), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Pennsylvania, byneamd de Keystone State, leit yn it noardeasten fan it lân, tusken de Grutte Marren en de Atlantyske Oseaan yn. De haadstêd is Harrisburg, mar de grutste stêd is Philadelphia, wylst ek it grutte Pittsburgh binnen de grinzen fan Pennsylvania leit. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 12,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 6e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Pennsylvania mei justjes minder as 120.000 km² de 33e steat. Pennsylvania stiet û.m. bekend om syn ferâldere koaleminen en stielyndustry, om 'e Amish yn Lancaster County en om it slachfjild fan Gettysburg.