Petrus de Aleoet | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cungagnaq | |
nasjonaliteit | Russysk | |
berne | foàr 1800 | |
berteplak | Kodiak (Alaska) | |
stoarn | 1815 | |
stjerplak | San Fransisko (Nij-Spanje) | |
etnisiteit | Aleoetysk Alûtiik (?) Russysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | jager | |
reden bekendheid |
Eastersk-otterdoks hillige |
Petrus de Aleoet (Kodiak (Alaska), foàr 1800 – San Fransisko (Nij-Spanje), 1815) wie in jager fan mingd etnysk komôf út 'e Russyske koloanje Alaska. Hy waard ûnder in jachtekspedysje yn Kalifornje troch de Spaanske autoriteiten dêre finzen nommen. Doe't er wegere om him te bekearen ta it roomsk-katolisisme, waard er deamartele. Hjoed de dei is er hillige fan 'e Eastersk-otterdokse tsjerken.