Plato | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Πλάτων ("Platon") | |
nasjonaliteit | Ateensk | |
berne | 428/427 of 424/423 f.Kr. | |
berteplak | Atene (Atene) | |
stoarn | 348/347 f.Kr. | |
stjerplak | Atene (Atene) | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk | |
sjenre | non-fiksje (filosofy) | |
perioade | Klassike Aldheid | |
streaming | platonisme | |
bekendste wurk(en) |
Apologia Politeia | |
jierren aktyf | ±399 f.Kr. – 348/347 f.Kr. | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Plato (Attysk Aldgryksk: Πλάτων, Plátōn, útspr.: ['platɔ:n], likernôch "platôn"; Atene, 428/427 of 424/423 f.Kr. – dêre, 348/347 f.Kr.) wie in ien fan 'e trije grutte filosofen út 'e Grykske Aldheid, njonken syn master Sokrates en syn learling Aristoteles. Hy wie de stifter fan 'e ferneamde Akademy fan Atene, it alderearste ynstitút foar heger ûnderwiis yn 'e Westerske wrâld. Behalven op filosofy lei er him ek ta op wis- en natuerkunde, en oars as syn foargonger Sokrates skreau er syn ideeën op, sadat se út 'e earste hân oerlevere binne. Plato wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste tinkers en de wichtichste filosoof út 'e minsklike skiednis, fral foar wat de Westerske filosofyske tradysje oanbelanget. Saakkundigen miene dat Plato syn oeuvre folsleine oerlevere is, wat unyk is foar in Aldgrykske skriuwer dy't 2.400 jier lyn libbe.