Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Plestik

Plastic is in groepsnamme foar keunststoffen; it komt út it Ingelsk, yn it Frysk hjit it ek wol plestyk. It wurdt ek wol brûkt as alternatyf wurd foar keunststoffen.

In plastic is oarspronklik allinnich in keunststof wêrfan troch platyske foarmjouwing - ferhjitting yn in foarm ûnder druk - in foarwerp fan makke wurde kin. Der is dan sprake fan in termoplast. Lang net alle keunststoffen falle dêrûnder. Dêrom wurdt yn de keunststofyndustry leaver fan keunststoffen sprutsen. In soad, mar lang net alle keunststoffen binne opboud út polymeren.

In goed foarbyld fan in keunststof dy't nei foarming net mear plastysk te ferfoarmjen falt is polyuretaanskom, dat in soad tapast wurdt yn meubels, kessens en soksoarte, mar yn syn hurde foarm ek yn kuolkasten.

It wite materiaal dêr't ferskate soarten flessen fan makke wurde kinne, is makke fan (polyeteen) dat wol smeltber is en yn prinsipe opnij ferwurke wurde kin sûnder gemyske ôfbraak. Ek jiskepûden wurde makke fan termoplastysk materiaal - middels in blaasproses.


Previous Page Next Page






Plastiek AF Kunststoff ALS Plastico AN لدائن Arabic پلاستيك ARY প্লাষ্টিক AS Plásticu AST Plastmas AZ پیلاستیک AZB Пластмассалар BA

Responsive image

Responsive image