Pompstersk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Kollumerpompstersk | |
eigen namme | Pompsters | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 200 (2003) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nedersaksysk ● Westnedersaksysk ● Noardsaksysk ● Grinslânsk ● Pompstersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal) |
It Pompstersk of Kollumerpompstersk is in Nedersaksysk dialekt, dat sprutsen wurdt yn it doarp De Pomp (of Kollumerpomp), yn de Fryske gemeente Kollumerlân. Neffens in rûzing út 2003 waard it doe noch praat troch likernôch 200 minsken, wêrfan't de measten ta de âlderein hearden. It tal sprekkers nimt dan ek ôf.
It Pompstersk wurdt soms ek wol Kollumerpompstersk neamd, mar it moat net betize wurde mei it Kollumersk, it Stedske dialekt fan it doarp Kollum, noch mei it Kollumerlânsk, de foarm fan Nedersaksysk Westerkertiersk dy't yn Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum sprutsen wurdt.