In postkoade is in rige fan sifers en of letters dy´t stean foar in gebiet of in (diel fan) in strjitte. De koade is bedoeld foar it maklik sortearjen fan post of adressebestannen. Yn Nederlân is de kombinaasje fan de postkoade mei it hûsnûmer in unyk gegeven.
Hoewol de postkoade yn it foarste plak ynfierd is foar it (automatysk) sortearjen fan post, wurdt de koade ek in soad brûkt by it selektearjen, oarderjen en ûntdûbeljen fan adressebestannen. Troch de ferskate adressebestannen út te wreidzjen mei oare gegevens (bygelyks de soarten wenten dy yn in postkoadegebiet foarkomme) kinne se ek brûkt wurde foar marketing-doelen. Nei't se letter digitalisearre waarden, hat soks in grutte flecht naam.
De postkoade is yn Nederlân yn 1977 ynfierd en bestiet dêr út fjouwer sifers en twa letters. De PTT hat destiids in ferskaat oan aksjes hâlden om de postkoades rûnom akseptearre te krijen. Sa waarden fergees postkoadeboeken útdield en fergees brievekaarten beskikber steld om de postkoade oan kunde kenber te meitsjen en der waarden spesjale postkoade-postsegels útjûn.