Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Restaurant

It stasjonsrestaurant fan Dimter.

In restaurant is in iepenbiere gelegenheid dêr't tsjin betelling iten wurde kin. Yn 'e mande mei hotels en kafees wurde restaurants ek wol oantsjut as de hoareka. It restaurant fan no is oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ûntstien yn 'e Frânske haadstêd Parys. Earder bestiene der ek al iepenbiere gelegenheden dêr't iten wurde koe, mar dat wiene herbergen (dêr't men benammen hinne gie om ûnderweis te oernachtsjen en dan iet wat de pot skafte) of ythuzen (dy't mear wei hiene fan moderne kafetaria's as fan restaurants). De fernijing dy't oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw plakfûn, omfieme it ûntstean fan in ferfyndere foarm fan it ythûs, dêr't men net inkeld hinne gie om te iten, mar ek om it derhinne gean op himsels, en dêr't men kieze koe út ferskate mooglike gerjochten (menu à la carte).

De namme 'restaurant' soe fan it Frânske restaurer ("bykomme", "reparearje") komme, dat ferwiisde nei in fersterkjend krêftich sop da't al fan 'e sechstjinde iuw ôf optsjinne waard. Yn 1765 waard yn Parys in ythûs iepene dêr't men kieze koe út ferskate fan sokke soppen, dy't oanpriizge waarden as soup restaurante (in "fuortsterkjend sop"). Meitiid ûntwikkele him dêrút it wurd restaurant. Fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waarden restaurants ek fêstige yn of by grutte treinstasjons, sadat de reizgers dêr ite koene.

Geandewei de tweintichste iuw kamen der yn 'e Westerske wrâld ek restaurants by dy't har útslutend taleine op 'e kulinêre tradysjes fan in beskaat lân, lykas Sineeske, Italjaanske, Grykske, Japanske en Spaanske restaurants. Lju dy't nei de ûnôfhinklikheid fan Yndoneezje dêrwei nei Nederlân kamen, begûnen hjir Sineesk-Yndyske restaurants, mei in menu dat mear basearre wie op 'e koken fan Yndoneezje as op dy fan Sina. In protte fan sokke 'bûtenlânske' restaurants binne (ek) ôfhelrestaurants, dêr't men it bestelde gerjocht ôfhelje of bestelle (en bringe) litte kin om it dan thús op te iten.

Noch letter ûntstiene de saneamde fastfoodrestaurants, ek wol in bytsje denigrearjend 'hamburgertinten' neamd. Dy waaiden fan 'e 1970-er jierren ôf oer út 'e Feriene Steaten, en hearre faak ta grutte Amerikaanske restaurantkeatlings lykas McDonald's, Burger King en KFC. It menu is by sokke fastfoodrestaurants beheind ta, sa't de namme al seit, fastfood, lykas hamburgers, fryt en saneamde nuggets ("klompkes") fan hinnefleis. Oan 'e oare kant fan it spektrum steane de sjike restaurants dêr't inkeld de maatskiplike elite komt om te iten, en wêrfoar't it Frânske bedriuw Michelin in gids útbringt mei dêryn in oersjoch fan restaurants dêr't it iten fan in útsûnderlike kwaliteit wêze soe. Michelin wiist fûlbegearde stjerren ta oan restaurants as teken fan sokke kwaliteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.



Previous Page Next Page






Restaurant AF Restaurant AN مطعم Arabic Restorán AST Restoran AZ رستوران AZB Рэстаран BE Рэстаран BE-X-OLD Warung madang BEW Ресторант Bulgarian

Responsive image

Responsive image