Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Rotterdam

Rotterdam
De Erasmusbrêge fan de Euromêst ôf sjoen
De Erasmusbrêge fan de Euromêst ôf sjoen
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
Boargemaster Carola Schouten (CU)
Sifers
Ynwennertal 606.265 (1 jannewaris 2024)
671.341 (gemeente, 1 jannewaris 2024)[1]
1.160.000 (agglomeraasje)
2.620.000 (metropoalregio)
8,219,380 (Rânestêd)
Oerflak 132,08 km², 113,12 km² län, 18,96 km²
Befolkingsticht. 5359 / km²
Stêdekloft Rijnmond
Metropoalregio Rotterdam-De Haach
Oar
Stifting 1340
Ferkearsieren A4 A13 A15 A16 A20 A29 RING
Postkoade 3000-3099, 3196-3199
Netnûmer 010
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 55′ NB, 4° 30′ EL
Delfshaven
Delfshaven
Stedhûs
Stedhûs
Offisjele webside
www.rotterdam.nl
Kaart
Rotterdam (Súd-Hollân)
Rotterdam
Kaart
De Erasmusbrêge fan de Euromêst ôf sjoen
Kaart fan Rotterdam
Dizze side giet oer de stêd Rotterdam. Foar de gemeente Rotterdam, sjoch: Rotterdam (gemeente).

Rotterdam is in stêd yn it westen fan Nederlân, yn de provinsje Súd-Hollân. It is nei de haadstêd Amsterdam de twadde stêd yn it lân, en teffens it haadplak fan 'e gemeente Rotterdam. De stêd leit oan de mûning fan de Nije Maas yn de delta fan de Ryn en de Maas. Rotterdam foarmet it mulpunt fan de stêdekloft fan de Rijnmond en leit yn it súdwesten fan de Rânestêd. De skiednis fan Rotterdam giet tebek oant 1270, doe't der in daam yn de rivier de Rotte boud waard. Dêrnei festigen har lju by de daam. Yn 1340 joech de greve fan Hollân stedsrjochten oan Rotterdam.

Op 1 jannewaris 2024 hie Rotterdam 606.000 ynwenners. Der wenje minsken fan sa'n 180 ferskillende nasjonaliteiten yn de stêd. De Metropoalregio Rotterdam-De Haach, dy't in befolking fan likernôch 2,7 miljoen minsken hat, is de trettjinde yn grutte yn de Jeropeeske Uny en de grutste yn Nederlân. De Haven fan Rotterdam is de grutste haven fan Jeropa en hat in skoft de grutste haven fan de wrâld west. Rotterdam is ek ferneamd om de Erasmus Universiteit, bebouwing om de rivier hinne, in warber kultureel libben en syn nijmoadrige arsjitektuer. Doe't it âlde stedssintrum hast folslein ferwoaste waard troch it bombardemint op Rotterdam yn de Twadde Wrâldkriich, waard de stêd nei de kriich fannijs opboud mei in wikseljend arsjitektoanysk stedsbyld, wolkekliuwers ynbegrepen. Soks komt net in soad foar yn Nederlânske stêden. Ferneamde arsjitekten fan it nije Rotterdam wiene: Rem Koolhaas, Piet Blom en Ben van Berkel.

De Ryn en de Maas binne wetterferbinings mei it hert fan Jeropa, lykas it Ruhrgebiet. It wiidweidige ferfiersysteem mei ûnder oaren spoar, wegen en wetterwegen hawwe Rotterdam de bynammen sa as "Poarte fan Jeropa" en "Poarte fan de Wrâld" jûn. It Eurofyzjesongfestival fan 2020 soe yn Rotterdam holden wurde, mar waard fanwegen de COVID-19-pandemy skrast.

  1. CBS:Statline

Previous Page Next Page






Rotterdam AF Rotterdam ALS ሮተርዳም AM Rotterdam AN روتردام Arabic ܪܘܛܪܕܐܡ ARC روتردام ARZ Rotterdam AST Rotterdam AZ Роттердам BA

Responsive image

Responsive image