Russysk-Otterdokse Tsjerke | ||
![]() | ||
De Kristus Ferlosserkatedraal yn Moskou. | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
stifting | 988 | |
ûnôfhinklik | 1448 | |
erkenning | 1589 (Oek. Pat. f. Konstantinopel) | |
titel primaat | patriarch fan Moskou | |
sit primaat | Moskou (Ruslân) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | eastersk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Tsjerkeslavysk | |
ledetal | 150.000.000 (2011; eigen sifers) | |
webside | www.patriarchia.ru |
De Russysk-Otterdokse Tsjerke (Russysk: Русская Православная Церковь, Russkaja Pravoslavnaja Cerkov’), ek wol bekend as de Otterdokse Kristlike Tsjerke fan Ruslân, is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't fanâlds de steatstsjerke fan Ruslân is. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Moskou en yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken.