Servysk | ||
algemien | ||
eigen namme | Latynske alfabet: srpski Sirillyske alfabet: српски | |
lânseigen yn | Servje, Montenegro, Bosnje en Herzegovina, Kroaasje, Masedoanje, Roemeenje en Hongarije. Ek as ymmigrantetaal yn West-Jeropa en Noard-Amearika | |
tal sprekkers | 12.000.000[1] | |
skrift | it Latynske alfabet, it Sirillyske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Balto Slavysk - Slavysk - Súd Slavysk - (Servokroatysk) - Servysk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Offisjeel yn Servje en Bosnje en Herzegovina, Kroaasje, Masedoanje en Roemeenje. Minderheidstaal fan Montenegro en Hongarije | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | sr | |
ISO 639-2 | srp | |
ISO 639-3 | srp |
It Servysk is ien fan de standertfarianten fan it Servokroatysk, it heart ta de súdlike groep fan de Slavyske talen. Servysk wurdt it meast sprutsen yn Servje, Bosnje en Herzegovina, Montenegro en Kroaasje. It is de offisjele taal fan Servje en Bosnje en Herzegovina en is in erkende taal yn Montenegro, Kroaasje, Roemeenje, Masedoanje, Bulgarije en Hongarije.
De Servyske standerttaal is basearre op in Neostokavysk dialekt. Yn it súdeasten fan Servje wurdt ek Torlakysk sprutsen, wat as in soarte fan Servysk-Bulgaarsk grinsdialekt sjoen wurde kin.