In sied of siedsje is in embryoanyske plant dy't, ornaris mei in ynterne fiedingsboarne, omjûn wurdt troch in beskermjende, faak hurde, bûtenlaach dy't de siedmantel neamd wurdt. It is it produkt fan it fuortplantingsproses dat plakfynt binnenyn de memmeplant; mei de foarming fan it sied wurdt dat proses yn siedplanten foltôge. Der besteane ferskate meganismen dy't planten brûke om har sied te fersprieden.
In protte plantedielen dy't yn it deistich spraakgebrûk oantsjut wurde as "sieden", binne eins drûge fruchten of pitten. Sinneblommesied, bygelyks, wurdt faak ferkocht wylst it noch yn 'e hurde pit sit. Ek moat sied net betize wurde mei nuten, dat de hurdmantelige fruchten fan guon planten binne, dêr't it sied binnenyn sit. By guon sêfte fruchten (de saneamde stienfruchten) wurdt it sied de "stien" neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|