Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Skettens

Skettens
Flagge fan Skettens Wapen fan Skettens
Flagge Wapen
Lokaasje fan Skettens
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2021) 265
Webstee http://www.schettens-longerhouw.nl
Tsjerke fan Skettens

Skettens is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tusken Wytmarsum en Boalsert. Oant 2011 lei Skettens yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

It terpdoarp hie in herfoarme en in grifformearde tsjerke. Nei 1580 foarmen Skettens en Longerhou tegearre in tsjerklike gemeente. De Herfoarme tsjerke is fan 1865, mar op itselde plak stie yn de midsiuwen al in tsjerke dy't mear as ien kear ferboud en werboud is. De grifformearde tsjerke waard oprjochte op 7 desimber 1888 yn in houten skuorre. Oant de werklike bou fan it tsjerke yn 1907 waarden de tsjinsten út dy tsjerke wei hâlden. Sûnt 2005 wurdt it gebou net mear brûkt en is de pastorije yn priveebesit.

De figueren yn it doarpswapen komme út it famyljewapen fan de Osinga's dy't east fan it doarp in stins hienen. Yn de herfoarme tsjerke lizze noch sarken fan de famylje, lykas de libbensgrutte ôfbyldingen fan de ferstoarnen en wol fan Sybrand fan Osinga en Atke fan Aggema. Teffens binne de sark en grêfkelder fan Skelte fan Aysma en fjouwer famyljeleden noch oanwêzich.


Previous Page Next Page






Schettens CEB Schettens English اسختنز FA Schettens French Schettens Dutch Схеттенс Ukrainian Schettens ZH-MIN-NAN

Responsive image

Responsive image