Star Trek: Insurrection | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jonathan Frakes | |
produsint | Rick Berman | |
senario | Michael Piller | |
basearre op | Star Trek: The Next Generation fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | Matthew F. Leonetti | |
muzyk | Jerry Goldsmith | |
filmstudio | Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Patrick Stewart Jonathan Frakes Brent Spiner | |
byrollen | Marina Sirtis Michael Dorn LeVar Burton Gates McFadden F. Murray Abraham Donna Murphy Anthony Zerbe | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 11 desimber 1998 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 103 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $58 miljoen | |
opbringst | $112,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek | |
● foarich diel | Star Trek: First Contact | |
● folgjend diel | Star Trek: Nemesis |
Star Trek: Insurrection is in Amerikaanske science fiction-film út 1998 ûnder rezjy fan Jonathan Frakes, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Frakes sels en Brent Spiner. It wie de njoggende film út 'e Star Trek-filmsearje, en de trêde dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Rebûlje". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se op it spoar komme fan in snoad plan om 'e bûtenierdske Ba'ku fan harren planeet te deportearjen. As bliken docht dat de lieding fan 'e Stjerrefloat dêrby belutsen is, komt de bemanning fan 'e Enterprise yn opstân. Star Trek: Insurrection krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, en mar wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol.